Wommels.nl

Sneon SDS tsjin Oeverzwaluwen

sdsoeverzw

Moarn op sportkompleks De Skoalleseize de fuotbalwedstriid SDS tsjin Oeverzwaluwen. Mei in soad jonge Wommelser talinten yn de ploech docht SDS it alderaardichst yn de sneon tredde klasse A. Mei hieltyd better spul ûnder trainer Douwe Posthuma hat it team in kreas plakje yn de middenmoat bemachtige, sjoch >>>Meer, en sneon soenen se in spronkje meitsje kinne op de ranglist at se witte te winnen. Stipe fan moai wat públyk soe goed helpe kinne. Tiisdei 19 febrewaris moat SDS foar de beker thús tsjin Twijzel en der sitte fierders ek nochal wat moaie thúswedstriden oan te kommen.