Wommels.nl

Rosmos & the Blues yn It Reade Hynder

BFF-READE HYNDER_WOMMELS

Boeken Fan Fryslân en Warenhuis Van der Velde presintearje freed 22 maart yn It Reade Hynder: Rosmos & the Blues. Mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck. Yn de moanne fan it Fryske boek gean sy op paed yn de provinsje mei in programma oer de blues yn de breedste betsjutting. Warenhuis Van der Velde stiet der mei Fryske boeken. Wa't dêr foar € 12.50 as mear oan keapet krijt it boek Rosmos fan Willem Schoorstra fergees.