Wommels.nl

Earste ljipaai Fûgelwacht Wommels e.o. fûn

Jan Weijer

Jan Weijer hat woansdei 15 maart it earste ljipaai fûn. Yn in stik lân fan Emke de Hoop, wat dizze boer spesjaal beweidet en bewurket ten geunste fan de greidefûgels. Neidat Jan al in pear dagen de ljip yn'e gaten hie, lei der hjoed dan in ljipaai. Hjir mei is it frije fjild no slúten en is de neisoarch begongen.