Wommels.nl

Jaarvergadering Uitvaartvereniging

 Aan de leden,

Het bestuur nodigt u uit voor de jaarvergadering.
Deze zal gehouden worden op donderdag 31 maart 2016 om 20.00 uur in “It Reade Hynder”.

AGENDA

1. Opening
2. Notulen van de jaarvergadering van 25 maart 2015
3. Jaarverslag 2015
4. Ingekomen stukken
5. Financieel overzicht 2015 en verslag van de kascommissie
6. Vaststelling ledenbijdrage 2017
7. Vaststelling ledenkorting bij een uitvaart in 2017
8. Bestuursverkiezing:
Aftredend en herkiesbaar: Tjeerd Bosma
9. Mededelingen
10. Rondvraag
11. Sluiting

Het bestuur.

 

Ferslach fan de algemiene ledegearkomste 25 maart 2015 yn It Reade Hynder

Ôfwêzich m.k. Tjeerd Bosma.

Foarsitter Hessel Hofstra iepent de gearkomste en hiet alle oanwêzigen in hertlik wolkom.
We hâlde in minút stilte foar de minsken dy’t yn it ôftrune jier oerleden binne en de tsien nammen wurde neamt.

1. Wurklist fan de ledegearkomste fan 26 maart 2014
It ferslach wurdt foarlêzen. It kleed is noch net oanskaft. We sille dêr de folgjende bestjoersgearkomste oar beslúte. Advys: keunstgersmatten. Fierders gjin op- en oanmerkings. It ferslach wurdt fêstlein.

2. Jierferslach 2014
De sekretaris lêst foar en de gearkomste giet akkoard. It ferslach wurdt fêstlein.

3. Ynkommen stikken
Gjin ynkommen stikken yn it belang fan dizze gearkomste.

4. Finansjeel oersicht en ferslach kaskommisje
Klaas Eisma dielt de oersichten út en jout it útlis fan de sifers.
De post materieel en klean: klean binne der net mear, de post is allinne materiaal. De actuariële ferplichting is eins in skuld oan de leden. It is de ferplichting dy’t wy ha oan de leden en dizze wurdt berekkene mei in rekken metoade wêrby de ledekoarting, de ledebydrage, it oantal leden en harren leeftyd in rol spylje.
Klaas hat de boeken prachtich op oarder. De kaskommisje, besteande út Detz Palstra en Hans Zijlstra ha dit kontrolearre. Se binne tige hertlik ûntfongen troch Klaas en ha wakker oant sykje en plúzjen west. Se binne gjin missers tsjinkaam. In komplimint oan de ponghâlder en it applaus fan de gearkomste foar de ynset fan Klaas.
Al jierren hat it bestjoer by Klaas in goed plak om te fergaderjen. De ûnkostenfergoeding stie al jierren op itselde bedrach en slút net mear oan oan de deistige ûnkosten. It bestjoer hat besletten om dizze fergoeding te ferheegjen.
De kaskommisje wurdt troch de foarsitter tige tank sein foar harren ynset.

5. Fêststellen fan de ledebydrage foar 2016
It foarstel om de ledebydrage itselde te hâlden wurdt troch de gearkomste oannaam. De ledebydrage bliuwt dêrmei op € 26,=.

6. Fêststelle fan de ledekoarting foar 2016
De ledekoarting is € 1150,-. It foarstel om de ledekoarting te ferheegjen mei € 25,= wurdt troch de gearkomste oannaam. Ledekoarting oer 2016 wurdt dan € 1175,=
Opmerking: is der in mooglikheid ta dûbel lidmaatskip? Dan soe dêr ek in dûbele útkearing oan fêst sitte.

7. Bestjoersferkiezing
Jeltsje de Vries-de Vries is ôftredend en ferkiesber. It bestjoer stelt foar om har foar in nije perioade oan te stellen. Dit wurdt troch de gearkomste mei applaus oannaam.
Pier Faber is al lange tiid by de feriening yn tsjinst. We ha wat ûndersyk dien hoe lang as dit is mar út de boeken koene we dit net werom fine. Pier wit it sels wol: sûnt 1977 docht hy wurksumheden foar de feriening. Dit jier al 38 jier!!

8. Meidielings
- Takomstfisy: we moatte mear en mear foarút sjen yn de kosten. We binnen dwaande mei in mear jierren kostenraming. Doel is dat de ledekoarting net te bot efter bliuwt by de kosten fan in útfeart.
- Federaasje: de federaasje hat harren regiogearkomsten. De federaasje sit der by as tahearder. Hessel hat de regiogearkomste yn it Fean juster joen besocht. Tema: ‘hoe stiet de federaasje der yn 2025 foar’. Hokker rjochting moat it bestjoer oanhâlde. Oandachtspunt is de ferantwurdlikens fan it bestjoer fan de ferienings: dit is tige wichtich, de ûntwikkeling nei it mear en mear út hannen jaan fan taken is gjin goede ûntwikkeling. Bestjoeren moatte eigen administraasje en sinteraasje goed op oarder ha. Dêr binne programma’s foar ûntwikkele wêr’t de bestjoeren gebrûk fan meitsje kinne.
Kontrakten en ôfspraken moatte dúdlik wêze. Statuten moatte up to date wêze ensafuorthinne.
PR: kin mear oan dien wurde.
Koartsein: der binne in protte items oan de oarder west wêr’t de ferieningen oer meiprate kinne. Bestjoer moat transparant wêze.
Personiel: it personiel wurdt tige betanke foar harren ynset.

9. Omfreegjen
Rein Rypma: hy freget him ôf hoe 18+ lid wurde fan de feriening. As leden 18 jier wurde krije sy in briif mei akseptgiro. As sy lid wurde/ bliuwe wolle moaatte sy dit skriftlik oanjaan.
Jan Klaas Faber: As fan de beide âlders fan bern ûnder de 18 mar ien lid is, binne de bern dan ek lid? Antwurd: Ja.
Tjisse de Vries: kin in lid dûbbel lid wurde sadat de ledeútkearing ek ferdûbbele wurdt? Antwurd:It bestjoer nimt dit mei en sil har hjir oer beriede.
Pier Faber: de nije hage fan it begraafplak (algemien) wurdt te breed en de paden te smel. Antwird: Jan Klaas Faber hat hjiroer in petear oanfrege by de gemeente.

10. Slúting
De foarsitter tanket eltsenien foar harren ynbring en slút de gearkomste.