
It Reade Hynder 150 jier
6 juni
IT IS SAFIER IT READE HYNDER 150 JIER!
Dat kinne wy fansels net samar foarby gean litte… dus pakke wy GRUT út mei in geweldige heropening op 6 juni!
It wurdt in dei fol gesellichheid, sport, muzyk en feest — foar hiel Wommels én mei de eardere útbaters en harren famyljes
Foar Wommels begjinne wy de dei mei strjitkeatsen op ‘e Walperterstrjitte.
Meidwaan? Opjaan kin fanôf freed 15 maaie by Arjanne +31 6 29029831
En fansels slute wy ôf mei in KNALFEEST mei in fantastyse band! Dit wolst écht net misse
Dus… oftsto no komst om te keatsen, te dûnsjen of gewoan foar de sfear — hjir wolsto by wêze!
