Op freed 13 febrewaris komt de Drachtster sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra nei it Dielshûs yn Wommels. Hy bringt dêr dan, tegearre mei multi-ynstrumentalist Jan de Vries, it gloednije lietsjesprogramma Ald en (heal)wiis?. In programma mei nije, mar ek bekende lietsjes út syn repertoire omklaaid mei smoute ferhaaltsjes en anekdoates.
Reade tried yn de foarstelling is de fraach of it yndie sa is dat it ferstân mei de jierren komt; wurde je wizer mei dat je âlder wurde? Of meitsje wy dosh hieltyd deselde flaters en twifelridige beslissings? Want der wurdt ek wol sein ‘hoe âlder hoe gekker’ en miskien leit foar de sjonger de wierheid wol wat yn de midden, sis mar ‘heal-wiis’.
Hoe dan ek, Gurbe Douwstra is noch altyd deselde ‘waldpyk fol emoasje’, beskôgjend en út en troch mankelyk, mar dochs foaral ek fleurich en yndie healwiis, mei libbenlust en entûsjasme ek al sit er dan kwa leeftiid miskien wol yn de kategory ‘âld’.
It optreden yn it Dielshûs begjint om 20.00 oere.

