Ga naar hoofdinhoud
Vogelwacht

It earste ljipaai fan 2026!

It earste aai fan Fryslân lei der al in dikke wike, dan kin it nea lang duorje as de Wommelser ljipkes begjinne ek. Der wiene meardere kapers op de kust, mar it is de betûfte aaisiker Jan Weijer dy der mei de priis fan troch gong. Ien kear earder fûn Jan it aai in dei earder dan 16 maart. Jan Lokwinske!

Dat de ljippen oan de lêch rekke binne wie yn itselde stik wol dúdlik, hy fûn al gau noch trije nêsten mei ien aai yn it lân fan Hylke Flapper. Sa sjoch we mar wer dat as de boer op in stikje past, der samar wer wat moochlik is.

Scroll naar boven