Juster en hjoed wie It Gelok fan Fryslân fan Tryater yn Wommels. In kuiertocht troch Wommels mei op in koptillefoan in gedicht dat foar in grut part gearsteld wie út wat ynwenners fan ús doarp op kaartsjes ynfold hiene oer wat sy as gelok ûnderfûnen. Foarlêzen troch Nynke Heeg. Realisearre troch Trieneke Verbeek en Aart Laferte, meiwurkers fan Tryater en in stikmannich Wommelser frijwilligers. Hjirûnder in fotoympresje.