Laden Evenementen

« Alle Evenementen

In Muzikaal Krystferhaal

21 december 16:00 - 18:00

“Der wie ris in klarinetspylster,…” sa begjint op 21 desimber om 16.00 oere yn’e Jacobitsjerke fan Wommels, in krystferhaal.
It is it begjin fan in foarstelling mei ferhaal, sang, musyk en in bytsje fantasy. Dielnimmers binne Janna van der Schaar (sang), Pyt Postma (ferteller) en
in groep houtblazers fan harmonyorkest Euphonia.
Eltsenien dy’t genietsje wol fan waarmte, winter, ferbining en musyk is fan herte wolkom.
De tagong is fergees. Nei ôfrin is der in ponkje of QR-coade by de útgong.

Mei hertlike groetnis fan,
Janna, Harm, Pyt, Maarten en Anneke

 

Gegevens

  • Datum: 21 december
  • Tijd:
    16:00 - 18:00

Locatie

  • Jacobikerk
  • Terp 19
    Wommels,