Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Skrik Festival 2024

31 augustus 16:30 - 1 september 01:00

De tweede editie van het Skrik Festival is in 2024 op 31 augustus 16:30 – 01:00 uur. Festivalterrein: Van Sminialeaane 50 Wommels.

 

Op 31 Augustus sil ‘The Scream of the Butterfly’ wer te hearen wêze: dan wurdt de twadde edysje fan it Skrik Festival hâlden, lykas de earste kear wer oan de Van Sminialeane 50. It festival wurdt fan’t jier grutter dan de earste kear ferliene jier mei mear muzyk op twa poadia, keunst, iten en drinken en mei mear Flinters en besykers. It téma Ik leau yn Dy’  hawwe wy al oankundiche op de prachtige keningsnacht yn It Reade Hynder en op ús Facebookside en Instagramaccount. Op wommels.nl hawwe wy in pagina ûnder ‘Het Dorp’.

Op it festival komme mar leafst 6 fantastyske acts optreden, wêr’t wy sels hartstikke lyrysk oer binne. Mei de bands Maracuja, The Shells, Pulse, Historian en Queen’s Pleasure en as vintage Wommelser ôfslúter DJ Bas. Op ús sosjale media is hjir allegear ynformaasje oer te finen. Derneist ha we wer hearlik iten en stiet alles wat je drinke wolle kâld efter de bar. De froulju fan de keunstkommisje sille it terrein wer prachtich oanklaaie en soargje foar in machtich keunstsinnich programma mei in karaoke bar, sprekkers en aktiviteiten foar alle jonge bern (dy’t fergees mei harren âlden mei kinne). Der is foar jim dus fan alles te belibjen op it Skrik Festival 2024.

It set om 16:30 oere útein.

Om kaarten te krijen kinst dy oanmelde as Flinter as losse kaarten keapje. Dat kin allinnich yn’t foar, oan de doar bin gjin kaarten te keap. Wy en de eigenaren fan it festivalterrein wolle grach witte wa’t der komme. Dus wês der op tiid by.

Flinters binne ús stipers. Fia dizze link komst by it oanmeldingsformulier om Flinter te wurden. Hjir is it koart de gegevens ynfolje, in bedrach fan €40,- te beteljen en dernei graach noch efkes it dokumint ferstjoere. Dernei ûntfangst de twa kaartsjes en sjoche wy jim op 31 augustus. Wa’t er foarich jier al Flinter wie en dit no noch net is, wy hoopje dat jim ek dit jier wer Flinter wurde en ek dit jier wer yn ús leauwe.

Losse kaarten (mar € 16,- it stik) bin fia dizze link te keap.

Wurd Flinter as keapje losse kaarten en meitsje it mei. Wy leaue yn dy en ha protte nocht om tegearre mei jim ít festival fan de neisimmer te belibjen.

Folgje Skrik Festival op Instagram @festivalskrik en op Facebook ‘Skrik Festival’

Gegevens

Begin:
31 augustus 16:30
Einde:
1 september 01:00