Ga naar hoofdinhoud
Binnenkoart

Jiergearkomste Fûgelwacht

Freed 20 maart is de jierfergadering fan ús Fûgelwacht, we begjinne om 20.00 oere yn it besikerssintrum fan it ANF, Slachte 4 te Wommels. Dat is op it hiem fan Murk Nijdam. Elk is wolkom op dizze fergadering, ek net leden (dy kin ter plekke wol lid wurde ;-).

De gastsprekker fan dizze jûn is Harrie Bosma, de man dy alles wit fan de otter. Hy sil ús meinimme yn it ferhaal fan de opmars fan de otter troch de ôfrûne jierren. Ek yn de Greidhoeke sjoch we de otter mei regelmaat, op de dyk Boalsert – Ljouwert wurdt wolris ien deariden.

Scroll naar boven