Op tiisdei 8 augustus sil Sjoerd Bottema foarlêze yn de passantenhaven “De Appelhof”. In tradysje dy’t sûnt 2005 net mear wei te tinken is yn Wommels, op de jûn foar de Freule.
Bottema is 5 fâldich winner fan de Rely Jorritsma priis, en hat syn spoaren stadichoan neilitten yn de Fryske literatuur. Hy waard berne op 16 augustus 1948 yn Raerd en wie yn syn wurksume libben dosint Frysk en Nederlânsk. Doe’t hy út it wurk wie, pakte hy de pinne faker op en slagge deryn by in breed publyk yn de smaak te fallen.
Sjoerd Bottema lêst it winnende ferhaal út 2022, mei as titel:
“De Sjongende Ridder”
Oanfang: 20.00 û. Mei de FREULESJONGERS
Lêze foar de Freule wurdt mei mooglik makke troch: ûndernimmersfûns SWF, Stifting Freule Keatsen, drukkerij v/d Eems en Kamperplak De Appelhof.