Ga naar hoofdinhoud
Vogelwacht

Melle fynt it earste aai fan de jeugd

Fjouwer jongens sterk, Wiebe, Jasper, Melle en Geart Otte, gongen freed 20 maart mei it fjild yn. By skoalle ûnstie dit idee spontaan wylst twa folwoeksen neisoargers op de bern stiene te wachtsjen. Yn it earste stik lân foel it ôf, it wie der fjirsten te rêstich. Dan mar gau troch nei opsje twa, in stik lân wêr yn elts gefal al in pear nêsten leine. Geart Otte wie de earste dy lûd ‘ja!’ rôp, helaas stie der 5 meter fjirderop al in stokje en wie it nêst dus al earder fûn.

De hoop wie hast al opjûn, noch ien slach ‘it bonusloopke’ en in bonus dat wie it. Wederom in lûde ja, dit kear fan Melle, in moai trijeke en dit kear sûnder stokjes. Sa is it Melle de Boer dy op 20 maart it earste aai fan Fûgelwacht Wommels e.o. fynt, in hiele ear. Foaral om’t der no krek as syn suskes ek yn de beker komt te stean.

 

 

Scroll naar boven