Ga naar hoofdinhoud
vv-sds

Restant SDS 1 – Delfstrahuizen 1 sneon om 14.30 oere

Sneon wurdt it restant ferspile fan de wedstriid SDS 1 – Delfstrahuizen 1. In wiere topper tusken de nûmers 2 yn de 4e Klasse A. De winner wurdt koprinner en mocht it lyk bliuwe dan bliuwt Creil/Bant koprinner. Nei dizze wedstriid binne der noch mar 4 wedstriden te baljen. De wedstriid waard 2 wiken werom nei in heal oere staakt by in 0-0 stân nei in ûngelokkige botsing tusken twa spilers. De wedstriid wurdt hervatten mei in skiedsrjochtersbal rûn de middenline. Der is noch 60 minuten te baljen.

De tagong foar dizze wedstriid is fergees en hjir sit it programmaboekje by yn.
Nei de wedstriid is der fansels wer it draaiend rad yn de kantine.
Kom allegear SDS 1 stypjen yn de striid om it kampioenskip!

Seleksje SDS 1:
Mark Klijnsma
Niels Hiemstra
Remco Hijlkema
Gerwin Sijbesma
Tim Sweering
Jelte-Pieter Dijkstra
Robin van der Weg
Gerbrand Kramer
Wiebe Heeres
Pieter Sijtsma
Wytze Lanting
Ate Schaap
Jelmer Brouwer
Daniël Veenstra
Pieter Bouma

Scroll naar boven