Leave bern út Wommels,
Op 21 novimber is it wer safier,
De Sint en syn Pieten komme nei Wommels, dat is wis en wier!
Om 13:00 oere komt hy dêr oan, mar hoe… dat is de fraach,
Dat is noch in ferrassing en bliuwt noch wat waach.
Wolle jimme mei-inoar om 13:00 oere yn ‘e Haven fan De Appelhof stean?
Dan sille de Sint en syn Pieten dêr ek hinne gean.
Dêrnei geane we nei it parkearterrein by de skoalle ta,
Want dêr sille der wis wol wat dolle, wêr’t sy nocht oan ha!
Groetnis fan de Sint en syn Pieten






















