Sneon spylje de nûmers 1 en 2 fan de 4e-Klasse A, SDS 1 en Delfstrahuizen 1 tsjin elkoar yn Easterein. De wedstriid begjint om 14.30 oere.
SDS stiet op it stuit 1 puntsje foar op Delfstrahuizen.
Beide ploegen hawwe al in perioadetitel.
Ek SDS 2 spilet sneon om 14.30 oere thús.
Sy spylje tsjin sc Berlikum 2.
Nei de tiid is it feest mei muzyk fan DJ Kerst. It dak giet der ôf!
Elkenien is wolkom op sportpark De Skoalleseize.
























