Sneon wie wer it jierlikse Snoekfiskjen foar de jeugd troch de Fûgelwacht fan Wommels. Der diene 34 jongerein oan mei, begelied troch in grut tal frijwilligers. De 1’e priis wie foar Tjitse Posthumus mei in snoek fan 91 cm. De 2’e priis foar Sil Dusselaar mei in snoek fan 79 cm, en de 3’e priis foar Dex Hoitinga mei in snoek fan 78 cm. Nei ôfrin wie der rikke iel fan Wybren Bruinsma en broadsjes fleis fan Nanne Dusselaar. Henk Bootsma makke foto’s.