140 bern fanôf groep 5 fan ús basisskoallen ‘De Opslach’ en ‘it fûnemint’ hawwe op tongersdei 13 maart in prachtige dei belibbe. Yn it Dielshûs spile Tryater it stik: ‘Anwar en de wolf’ en koenen de bern fûgelhúskes yn elkoar timmerje om dizze letter sels op in geskikt plakje yn hun eigen tún op te hingjen.
Op it keatsfjild lieten twa dronepiloaten sjen hoe’t mei help fan drones nêsten fan greidefûgels opspoard wurde. Fansels mochten de bern sels ek efkes besykje om de drone te bestjoeren. Yn de keatskantine waard in prachtig ferhaal ferteld oer greidefûgels.
Op de tennisbaan en yn de pannakoai koenen de bern harren enerzjie kwyt mei picklebaljen en fuotbaljen.
En middeis noch de senioarenmiddei yn in bomfol Dielshûs. Liesette Bruinsma fertelde in boeiend en posityf ferhaal oer topsport en omgean mei tsjinslaggen en dernei koenen de Freulesjongers oan de bak.