Woansdeitejûn wie der in temajûn organisearre troch de FNP mei as tema: ‘In New Deal om it lânskip te rêden‘. Pier Zijlstra wie der hinne en hat der in ferslachje oer skreaun:
It programma wie yn Wommels by eltsenien besoarge en hja hiene in protte utnoegings ferstjoerd, der wiene aardich wat minsken op ôf kommen. Ryksboumaster Floris van Alkemade sketste in panorama as earste oanset ta in mienskiplik, werkenber en posityf takomstbyld: klimaatferoaring, de werfoarming fan de lânbou en de enerzjy transysje wiene de ingrediënten. We sitte midden yn in feroarjende tiid en dat jowt altyd argewaasje. Hoe wurde de lesten ferdielt is faaks de ûnderlizzende woartel fan ûnfrede.
Fjirders sketste hy in byld fan de virtuele wrâld en hoe verhâld dy sich ta de echte wrâld. “ De helft van onze wakkere tijd kijken we naar een scherm” oppere hy.
Theo Mulder hold in pleidooi foar de biologyske kant ynstee fan de technyske. Pikestront ynstee fan keunstdong, ferskaat oan beplanting en sûne grûn soene de de basis wêze moatte foar de takomst. Hy fergelike de winsten yn de farmacie mei wat de boeren fertsjinje en dat raast oan de protters.
Yn 2050 moatte we op in oar spoar sitte en dat liket noch fier fuort, mar hast eltsenien yn de seal koe him/har 1990 noch goed foar de geast helje.
In posityf útdaagjende jûn.