
Op woansdeitemiddei 15 april organisearret sc Heerenveen in grutte kidsrun by it Abe-Lenstrastadion.
As Sportief Partner fan sc Heerenveen mei de jeugd fan SDS oant en mei 12 jier hjir ek oan meidwaan om jild yn te sammeljen foar de jeugdôfdieling fan SDS.
In unieke erfaring!
Dochsto ek mei?
De jeugd fan SDS sil dan yn de bus nei Hearrefean. Sy sille wierskynlijk rûn in oer as 14.30 oere fertrekke en binne rûn 18.00 oere wer thús.
It wurdt in alderaardichste dei, want neist de Kidsrun organisearret sc Heerenveen op dy dei noch folle mear leuke fuotbalaktiviteiten.
De jeugdspilers fan SDS oant en mei de JO12 hawwe in flyer fan de lieder of trainer krigen of krije dizze noch. Hjir stiet in persoanlijke aksjelink yn. Dizze link kinne de jeugdspilers trochstjoere nei famylje, buorlju, pakes en beppes, fage kennissen, kollega’s fan mem of wa ek mar. Sponsers kinne harren dan sels oanmelde en ek lyk betelje. Wol sa makkelijk.
Mei dizze aksje sammelt de jeugd fan SDS op in leuke manier jild yn foar de jeugdôfdieling fan SDS.
Dielnimmers meitsje kâns op moaie prizen fan sc Heerenveen lykas in sjurt mei hantekeningen of in teamuitje nei in wedstriid fan sc Heerenveen.
Allegear mar in soad súkses en wille tawinske mei dizze aksje!
Sjoch hjir foar de tuskenstân of stypje de jeugd hjir.
Jeugdkommisje vv SDS























