Moandeitemoarn waard der oan beide kanten fan de tenniskantine hurd wurke. Op de Jeu de Boules baan en by de tennisbaan wienen frijwilligers drok dwaande om it grien yn te damjen. Want mei in baan allinnich binne jo der net. It moat ek ûnderhâlden wurde. Hulde oan alle frijwilligers fan Wommels.
Pieteke de Boer


























