Wommels.nl

  1. Vandaag open dag OBS De Opslach

    Woensdag 20 Maart 2019

    Afbeelding1op

    Basisschool De Opslach heeft vandaag een open dag. Tussen 08.30 en 20.30 uur is iedereen van harte welkom een kijkje te komen nemen. Als je vandaag niet kunt maken ze graag een afspraak met je. Info over De Opslach op hun website: obsdeopslach.nl. 

  2. NL Doet yn Wommels 2019

    Donderdag 14 Maart 2019

    logonldoet

    Moarn en sneon is it wer NL Doet, de grutste frijwilligersaksje fan Nederlân. Ek yn Wommles sil op ferskate plakken klust wurde, sjoch hjir wêr. Wa't helpe wol kin him as har dêr ek oanmelde..

  3. Jiergearkomste Doarpsbelang op 11 april

    Dinsdag 12 Maart 2019

    jaarvergdorpsbelang

    Tongersdei 11 april is yn It Dielshûs de jiergearkomste fan Doarpsbelang Wommels. Hjirnêst op de foto en hjir as pdf de aginda fan de jûn dy't om 20.00 oere útein sette sil. Mei nijsgjirrige ûnderwerpen as de takomst fan it gemeentehûs en it Bogermangebouw en troch de WEK in opset ta de enerzjytransysje fan Wommels en de lokale mooglikheden dêr ta en foardielen dêrfan mei û.a. as sprekker Tsjeard Hofstra.

  4. Maak Kennis met Tennis vanaf 15 maart

    Zondag 10 Maart 2019

    mkmt

    Voor iedereen in Wommels en omstreken: BEN jij of KEN jij iemand die interesse heeft in de tennissport? Twijfel niet maar meld je aan om mee te doen met 3 proeflessen tennis in Wommels. Tijdens de school tennislessen hebben veel kinderen uit Wommels, Easterein, Itens en omgeving een tennisles van Nathan kunnen volgen. Als vervolg daarop kunnen ze meedoen met de 3 Maak Kennis Met Tennis lessen die op 15 maart van start gaan. (lesdata zijn 15, 22 en 29 maart). Deze lessen zijn echter niet alleen voor kinderen.

    >>> Meer
  5. Nieuwe datum Ferdividaasje op Freed over rouwsieraden

    Zondag 10 Maart 2019

    rouwsieraden

    Ferdivedaasje op freed over rouwsieraden ging helaas niet door op 1 maart. Maar er is een nieuwe datum geprikt: op vrijdag 15 maart (16.00 uur) komt Ysbrandt van Slooten vertellen over rouwsieraden en de gebruiken die erbij horen.

  6. Bogerman wurdt tydelike wenlokaasje

    Vrijdag 8 Maart 2019

    bogerman20

    It Bogerman gebou sil oant der in definityve bestemming foar fûn is tydelik bewenne wurde. CaerX soarget foar de ynfolling. Bewenners krije in eigen wenromte, mar moatte keuken, dûs en wc diele. Mear hjiroer by Omrop Fryslân en op de facebookside fan Bogerman Wommels 2.0.

  7. Fan Opslach nei Boppeslach

    Woensdag 6 Maart 2019

    kaatslesopslach

    Op OBS De Opslach krije de bern keatsles fan Henk Haar fan de KNKB. Hy kaam fannewike tegearre mei Murk Viersma fan de Keatsferiening Wommels nei de skoalle om de bern út de groepen 3 o/m 8 de earste begjinsels fan it keatsen by te bringen. Nei 4 lessen meie de bern meidwaan oan de keastraining fan de KF. Mear hjiroer op de facebookside fan De Opslach.

  8. Rosmos & the Blues yn It Reade Hynder

    Woensdag 6 Maart 2019

    BFF-READE HYNDER_WOMMELS

    Boeken Fan Fryslân en Warenhuis Van der Velde presintearje freed 22 maart yn It Reade Hynder: Rosmos & the Blues. Mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck. Yn de moanne fan it Fryske boek gean sy op paed yn de provinsje mei in programma oer de blues yn de breedste betsjutting. Warenhuis Van der Velde stiet der mei Fryske boeken. Wa't dêr foar € 12.50 as mear oan keapet krijt it boek Rosmos fan Willem Schoorstra fergees.

  9. Moarntejûn Habtamu yn Lex Lokaal

    Woensdag 27 Februari 2019

    habtamukampioen2

    Moarntejûn om 21.40 oere komtHabtamu de Hoop op tillefysje ynit programma Lex Lokaal. Lex Uiting giet yn dat programma op syk nei bysûndere ferhalen fan it plattelân. It ferhaal fan Habtamu is fansels wol tige bysûnder. It stik mei Habtamu is ferliene jier wylens de doapsfeesten opnaam. 

  10. Farm Friends nei Zimbabwe

    Dinsdag 26 Februari 2019

    Bestuurfarmfriends

    Yn it Frysk Deiblêd in artikel (fan Hinne Bokma) oer de Wommelser stifting Farm Friends, op de foto hjirnêst it bestjoer. Farm Friends stipet lokale boeren yn Afrika mei it opsetten fan in eigen bedriuw. Op de webside fan de stifting stiet hoe't je hjiryn helpe kinne troch te donearjen oan in lease ko.