Wommels.nl

  1. Artikel yn Trouw oer Wim Heins

    Vrijdag 28 April 2017

    wimheins

    Yn de Trouw stie fannewike in alderaardichst artikel oer âld Wommelser (hjir berne yn 1956) Wim Heins, koartlien ferstoarn. Op de legere skoalle brocht syn skoalmaster him yn oanrekking mei muzyk, hy learde spyljen op blokfluit en fioele en op kuiertochten sjongden de bern. De muzyk fan de jieren sechstich die de rest..

  2. Pieter-Thys Faber uit Wommels bij diner Koning

    Woensdag 26 April 2017

    50jaar

    Pieter-Thys Faber uit Wommels mag morgen, net als Koning Willem Alexander 50 jaar worden. Uit de ruim 11.000 aanmeldingen is Pieter-Thys uitgekozen om morgen op het Paleis op de Dam het diner met Koning Willem Alexander bij te wonen. Een bijzonder moment! 

  3. Rommelmarkt morgen

    Woensdag 26 April 2017

    rommelmarkt

    Morgen is het Koningsdag, met in Wommels traditiegetrouw, de Rommelmarkt. Vroeg in de ochtend komen de leden van Euphonia de spullen ophalen en vanaf 12 uur start de rommelmarkt achter het gemeentehuis. 

  4. Het wedstrijdbad gesloten

    Dinsdag 25 April 2017
    Triest

    Door een technische storing is vandaag het wedstrijd (diepe) bad gesloten. Hierdoor is er geen banen zwemmen. Het instructiebad en de glijbanen izjn vandaag open van 13.00-16.00 uur. Ook het weer werkt nog niet echt mee. Houdt de komende dagen de site ( www.zwembaddeklomp.nl ) en app goed in de gaten voor de openingstijden etc.

  5. Jirpelkistmomenten Jiergearkomst en Fraach fan Doarpsbelang

    Maandag 24 April 2017

    jirpelkist08

    By >>>Meer wat foto's fan sprekkers op de jiergearkomst fan Doarpsbelang fan ferliene wike tongersdei. Dêrneist hat Doarpsbelang in wichtige fraach oan ús Wommelsers. 

    >>> Meer
  6. Nog mear foto's fan de iepeningsdei fan it swimbad

    Maandag 24 April 2017

    openingfred01

    Ek húsfotograaf fan it swimbad, Fred Cartens, is klear mei it rangskikken en bewurkjen fan syn foto's fan de iepeningsdei fan swimbad De Klomp. Tegearre mei in pear foto's fan Henk Bootsma hat hy se online setten. Fred hat ek in film makke fan de iepeningsdei.

  7. Foto's iepening swimbad

    Zondag 23 April 2017

    openingzwembadHB12

    Henk Bootsma wie juster yn swimbad De Klomp en hat de iepeningsdei mei de iepening fan de Liesette Bruinsma Baan troch Liesette sels op de foto setten. By >>>Meer in pear en op syn facebookside noch folle mear. Ald badjuf Jitske en bedriuwsliedster Alien ûnthulden it nammeboardsje op de Liestte Bruinsma Baan. Liesette lies de tekst dêrop yn braille efkes foar. It stie der goed op.

    >>> Meer
  8. Bobjûn Illegaal?

    Zondag 23 April 2017

    illegalbobjun

    Freed 12 maaie is de Bobjûn fan it Greidhoek' Festival. Dan wurde it programma en tema fan de kommende edysje fan 9 septimber bekend makke. Dit is no noch hiel geheim. Mar it liket der op dat de Amerikaanske Ynljochtingetsjinsten dochs útfûn hawwe wat it tema wurdt en dat Donald Trump it der net iens mei is. 

  9. Swimbad De Klomp is wer iepen

    Zaterdag 22 April 2017

    openingsdag04

    Hjoed is swimbad De Klomp oan in nij seizoen begûn. It wie fris waar, mar dochs kamen goed 200 minsken efkes swimmen en boartsjen yn it wetter. Liesette Bruinsma kaam persoanlik de nei har ferneamde banenzwembaan fan De Klomp, de Liesette Bruinsma Baan, iepenjen. Yn de baan dêr njonken koenen minsken mei in blyndearre swimbril mei har mei swimme om te ûnderfinen hoe't it is om te swimmen at je net sjen kinne. Foar de bern wienen der ta foarmen tearde ballonnen en sûkerspinnen en de pjutten koenen yn de nije pjutteboatterstún.

    >>> Meer
  10. Anna Marie Wijnia Wommelser fan it jier

    Vrijdag 21 April 2017

    annamarie01

    Al hienen se graach in wat gruttere opkomst hân, Doarpsbelang Wommels fûn de jiergearkomst fan justerjûn tige slagge. Seis doarpsgenoaten klommen op 'e jirpelkist en brochten in nijsgirrich idee oer de bühne. Mear ynfoarmaasje folget letter. Patyna fertelde harren plannen mei it Gemeentehûs, der wie in quiz oer Wommels en it hichtepunt wie de ferkiezing fan de 'Wommelser fan it jier'. Anna Marie Wijnia wie de earste dy't dizze moaie wikselpriis yn ûntfangst nimme mocht. Ynkoarten noch wat mear foto's fan de jûn en der komt fêst in ferslach op de eigen pagina fan Doarpsbelang op dizze webside.

    >>> Meer