Gjin edysje yn 2020 en gjin edysje yn 2021. Maar dit jier meie wy wer los! Hast do ek wer nocht yn in feestje? Kom dan by Slachtepop! Ek yn 2022 sil der wer in edysje fan Slachtepop wêze, oan ‘e Slachtedyk ûnder Wommels. De tariedings foar de 9de edysje bin klear en wy hoopje der mei ús allen wer ien grut feest fan te meitsjen!
Freed 10 juny is de Wylde Nachtkeatspartij mei grutte bal en der wurde plaatsjes, (as fersykjes) draait troch DJ Dirk Baaltsje. Wolsto mei dwaan mei it keatsen? Jou dyn partoer dan op fia ús side: slachtepop.nl!
Sneontejûn 11 juny is fansels ús wolbekinde tintfeest. Dit jier hat Slachtepop de feestband Fragment en DJ All Tha Fokk fêst witten te lizzen. Kaarten foar dizze bearegeselliche jûn binne te krijen by de Jumbo yn Wommels, by Miedema’s lunchroom yn Boalsert en dit jier ek online via ús webside.
Tsjoch en oant sjen op 10 en as 11 juny!