Wat in boppeslach! KF Wommels bestiet dit jier 125 jier en dit wolle wy fansels mei jimme fiere! Set de datum yn jim aginda want op 1 en 2 july is it feest by KF Wommels.
Op freed 1 july, 10:00 oere wurdt ús jubileum feestlik iepene troch topsporter Sjinkie Knegt. As topsporter wit hy as gjin oar hoe it is om de top te beheljen. Derneist binne der allegear aktiviteiten dysto net misse kinst lykas it Nederlânsk team Llargues, jubileum wedstriden foar jong en âld en freed en sneon live muzyk!
De freedtejûns 19:00 oere is de offisjele iepening troch de foarsitter fan KF Wommels. Dêrnei spilet it Nederlânsk team Llargues én slute we de dei ôf mei muzyk fan Sytse Haima!
Sneon 2 july bin der jubileunwedstriden foar jong en âld, bingo en muzyk fan It Takes Two. Let op In lytse wiziging yn it programma fan sneon! De bingo begjint al om 17:00 oere yn plak fan 19:00 oere! Net stinne, der hinne!
Oanmelde jubileumwedstryd oant woansdei 29 juny 19.00 oere fia penningmeester@kfwommels.nl of mobyl 06-401 118 36.
Colorathome-Woonvaria hat de KF Wommels nij’e ofdielingskieltsjes oanbean.