Koek en zopie kenne we allegearre, mar op de iisbaan fan iisklup Winterwille yn Wommels binne sûnt de baan tongersdei iepen gie ek boeken te finen. Pieteke de Boer fan de biblioteek Wommels en Grietje Deinum fan Leeuwarden City of Literature betochten Boek en zopie, sadat reedriders nei it riden in fergees boek, foar jûns by de kachel, mei nei hûs nimme kinne.
No’t de biblioteek ticht is troch de coronamaatregels kinne leden gebrûk meitsje fan de ôfhelservice, mar der hat al in skoft gjin ferkeap fan ôfskreaune boeken mear west. Dy boeken fine no harren wei nei de lêzers fia de iisbaan.