Juster stie de Terp fol mei trekkers en boeren dy’t protestearren tsjin it stikstofbelied fan it hjoeddeistige kabinet, dat, nei’t sy fine, in stikmannich fan harren swier yn de problemen kin bringe en dat yn harren eagen ûnsinnich is. It protest ferrûn fredich; de wiene muzyk, in hapke en in drankje en taspraken, û.o. fan Wout Zijlstra. Henk Bootsma hat der wat foto’s fan makke.