Wy komme deroan! Op freed 29 april yn it Dielshûs fanôf 20.15 oere.
“Bytsje Minder, Bytsje Mear”, is in kabaret programma mei moaie muzyk en prachtige humorfolle teksten, wêr’t yn in ûnske minder in ûnske mear sintraal stiet. Of krekt oarsom? Dy fraach wurdt ús faak steld by it ôfweagjen fan in produkt yn in winkel. It is wer in prachtige jûnfoljende produksje wurden,nmei de noadige koartswyl, muzyk en folkaardige typearringen mei alle beslommeringen út ús deistich libben. Wy litte jo genietsje en laitsjen fan moai kabaret wêr’t yn jo de bûsen by útskuorre!!
Nei in heftige periode fan tsjinslagen troch dat it korona-firus en wy de produksje fan “Bûter Brea en Soere Molke” net útfiere koene sa as wy dat graach woene en troch alle beheinde maatrigels en finansjele tsjin slagen,inne wy dochs wer posityf fan start gien mei de tariedings en rippetysjes fan ús nije oankommende kabaretproduksje “ Bytsje Minder, Bytsje Mear”! De lêste útfiering ”Motoroalje” wie yn it prachtige autobedriuw fan garaazje Bauke Jeeninga wêr’t wy gastfrij ontfongen binne en mei in protte nocht spile ha!
Spilers binne: Folkert Sijbrandij en Renee Fokkema út Haulerwyk. De muzyk is wer yn hannen fan Erwin Hendriks. De rezjy is yn hannen fan Hotze Karsten. De skriuwers binne: Folkert Sijbrandij, Renee Fokkema, Hotze Karsten en Erwin Hendriks. Lûd en ljocht: Marius Del Grosso.