De brânbult op de terp die ús tinken oan ús eigen jeugd. No at je âlder binne tink je by je sels moat dy rommel oan’t febrewaris op de Terp lizzen bliuwe? Wy kinne ús ek net werinnerje dat we sels as +/- 16 jierrigen de jiske yn it nije jier wer oprêden. Dat sil doe de gemeente Hennaarderadiel wol dien ha.
Hawar, de skeppen, harke en kroade út de wintersliep en de rommel en kapotte bier fleskes (en 10 hele) op ‘e karre en nei it stoart yn Boalsert. Stikjes gles kin der hjir en dêr noch wol lizze, dus at immen him roppen fielt; stek ris diagonaal de Terp oer en fandelje ûnderweis in pear stikjes glês op.
Foardat it gêrs wer begjint te groeien soe it moai weze dat de terp wer skjin is sadat der wer feilich op keatst, fuotballe en feestfiert wurde kin.
Piet de Jong en Pier Zijlstra.