In ynterview mei messesliper Gerrit Terpstra is it bêste Frysktalige stik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It ynterview is skreaun troch redaksjelid Pieta Zijlstra-Abma en stie yn de Diggelfjoer fan desimber 2019. It stik ‘It mes snijt oan twa kanten’ is útkeazen út sechstjin ynstjoeringen. Ek de twadde priis wie foar ús doarpskrante. Lokwinske redaksje!
De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjut hat.
Om’t de priisútrikking oer de bêste Frysktalige redaksjestikken giet, is it yn teory mooglik dat ien krante meardere prizen wint. Dat is dit jier it gefal: de dielde twadde priis (foar elk 200 euro) wie foar it stik ‘Aaisykje mei de drone op peaskesnein’, skreaun troch Joop Bootsma (Diggelfjoer juny 2019), en foar it stik ‘Einepykje fergetten…?’, skreaun troch Mariet Swart fan De Sylboade, moanneblêd fan Heech. De tredde priis (100 euro) wie foar it stik ‘Oantinkens oan ’e Alvestêdetocht’, skreaun troch Tryntsje fan der Meer; it stik stie yn Om ’e Ald Toer út Easterwierrum.
De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “As sjuery wurde je alle kearen wer ferrast troch moaie ferhalen en observaasjes. Faak ferskûle yn stikjes dy’t mei wat opwriuwen glânzgje kinne. De priiswinners fan dit jier hawwe sjen litten dat hja de keunst fan it opwriuwen al knap master binne.” Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer en dichter Arjan Hut.