Nei 23 jier hâldt Hinne Bokma fan It Noard op mei syn krante Op ‘e Skille, hy giet mei pensjoen. Op ‘e Skille ferskynt op ’t heden moanliks (foarhinne twawikliks, troch corona no efkes net mear) yn de Greidhoeke. Hinne syn wurk wurdt oernaam troch Gerben van Snits. Dizze wike sit de lêste Skille dy’t Hinne folskreaun hat yn de bus. Mear hjiroer, ek in koart interview, by Omrop Fryslân.