De Wommelser Enerzjy Koöperaasje hat op ’t heden 60 by Energie VanOns oanslútene leden. Foar alle oanslútingen krijt de WEK alle jieren € 75,- elk. Mei it jild dat der binnen kommen is bin al in pear sinnepanielprojekten stipe (De Boskranne en It Bynt) en de buorterstún yn de fûgelwyk. Mar der sit noch mear yn de ponge. Eigen leden dy’t in duorseme ynvestering dogge, kinne dêrfoar in bydrage yn de kosten krije, de enerzjy preemjeregeling. Mear hjiroer op de webside fan de WEK.