Yn it Frysk Deiblêd in artikel (fan Hinne Bokma) oer de Wommelser stifting Farm Friends, op de foto hjirnêst it bestjoer. Farm Friends stipet lokale boeren yn Afrika mei it opsetten fan in eigen bedriuw. Op de webside fan de stifting stiet hoe’t je hjiryn helpe kinne troch te donearjen oan in lease ko.