Cathrinus van der Velde fan de Fabrykswei is goed wekker. Hy besyket sa min mooglik enerzjy te ferbrûken yn syn hûs. Dêr hat er al in ferskaat oan maatregels ta nommen, de waarmteskênners fan de WEK bin ek al by him del west. No wie de flier oan de beurt. Luuk van Ruiten hat de hiele flier fol blaast mei isolaasjemateriaal. Dat wie binnen 14 dagen regele. Luuk syn hulp koe moai helpe yn de hjêrstfekânsje. It filmke lit sjen hoe’t it der oan ta giet.