De tiisdeitejûns foar de Freulepartij wie der wer Foarlêze foar de Freule yn de jachthaven, tsjinwurdich De Appelhof. Earst sjongden de Freulesjongers en doe lies Theunis Piersma foar oer wat it keatsen foar him betsjut. It eindige mei de ûndergeande sinne op de eftergrûn; Henk Bootsma hat der wat plaatsjes fan sjitten.