Tiisdeitejûn lies Aant Hofstra in de jachthaven foar foar de Freule. Hy weidde út oer syn ûnthâld fan 1969, it jier wêryn Wommels de Freulepartij wûn en û.o. ek it jier fan Woodstock. Foarôf oan syn foarlêzen sjongden de “Freule Sjongers”. Dy jûn wie op it terras fan It Reade Hynder ek It Freule Kafé. Mei Omrop Fryslân en de Freulewinners fan 50 jier werom, Piet de Jong en Jan Joustra (Henk Zijlstra is al net mear ûnder ús). Henk Bootsma wie der by mei syn kamera.