Mei moai waar en in hiel soad publyk waard 7 aug de Freulepartij keatst op it keatsfjild fan Wommels. It partoer fan Wommels kaam oant de heale finale tsjin Seisbierum-Pietersbierum, mar spitigergenôch wie it doe op by Sietse Jellema, Johan Gaastra en Milan van der Weg (0-5 4-6). De finale waard wûn troch Boalsert (Jurre Reitsma, Silvan Elzinga en Tymen Bijlsma) mei 5-5 6-4. Foto’s Henk Bootsma.