Ofrûn sneon wie de Slachtemarathon. Mei in betiden in protte rein en wyn wie it in swiere tocht. De rûte gie oer de Littenserbuorren, wêr’t Wommels in prachtige oaze hie, oer de Nije Kromme troch de Súdhoeke nei de finish yn Raerd. Henk Bootsma makke by Wommels wat foto’s, ek mei Wommelsers der op.