De Fûgelwacht Wommels bestiet dit jier 75 jier. Om dit te vieren hiene se in tige coronaproof jubileumprojekt betocht. Dat hie 4 april útein sette sillen. Mar it mei net fan de gemeente. De Fûgelwacht hat it jubileum in jier útsteld.
Dit hawwe se sels op harren webside:
‘Hjoed oer 376 dagen start it jubileumprojekt 75 jier (+1 gratis) Fûgelwacht Wommels, want foarige wike ha wy it beslút nimme moatten om alle jubileumprojekten in jier út te stellen. Wy bin der fan oertsjûge dat we in folslein Corona-proof konsept hiene. Ien persoan 24 oeren yn in glêzen kontener, alles online streame en sels de gasten soene fia in livestream meidwaan. It ienige wat we oan de gemeente freegje moasten wie de fraach “Mei dizze kontener midden yn’t lân stean, sûnder dat der ek mar publyk by yn de buert komme kin?”. Nee, nee en nochris nee wie it antwurd kear op kear. Alles wat oars as oars is, dat is yn harren eagen in evenemint en dat mei net. We ha heech en leech sprongen, noch heger en noch leger sprongen, sûnder positive útkomst. Dit is fansels in teloarstelling foar alle minsken dy’t der oan meiwurkje soene, mar it is net oars. Yn 2022 dogge wy op’e nij it folsleine jubileumprojekt, “75 jier + 1 gratis”, we nimme in jier de tiid om it noch leuker te meitsjen.’