Hjoed bin de earste taarten útdield oan minsken dy’t de poster foar de rúten hingjen hiene. Noch 228 te gean foar dat Delta Fiber hjir in glêstriednetwurk oanleit yn Wommels. Goeie doelen Gruttoland en De Klomp krije € 50,- foar elts abonnemint fia harren. Takom wike sneon wer taartenwinactie, dat lit de poster noch efkes hingje as hingje him op ast dat noch net dien hiest. Sjoch mear op gunwommelsglasvezel.nl, by it informatiepunt op de Terp as 27 oktober yn It Reade Hynder wilens de inloopavond dêr.