Graach wol ik jim, nammens Tryater, op’e hichte stelle fan in nij project fan Tryater: ‘It Gelok fan Fryslân’ Dit projekt sil plakfine yn ferskate doarpen, ek yn Wommels, organiseare troch Aart Laferte en Trieneke Verbeek en fynt plak op
26 en 27 septimber! Kaarten kin
hjir besteld wurde.
By de JUMBO hat fan ’t simmer in brievebus stien dêr’t minsken in kaart yn dwaan koene. In kaart mei it Gelok fan minsken út Wommels. Dit koe ek online. Fan alle antwurden wurdt it grutste geloksgedicht oait makke! Fan ein augustus oant ein oktober strike we alle wiken del yn in oar doarp. Oan ‘e hân fan it Geloksgedicht meitsje we in teatrale audio-kuier. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fier dêrbûten. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wyckel. As in karavaan fan gelok lûkt Tryater dizze hjerst fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining op lokaasje.
Troch it projekt ‘It Gelok fan Fryslân’ binne der ferskeidene ynisjativen ûntstien om Wommels op te waarmjen foar de kuiertocht op 26 en 27 septimber, sa as it útdielen fan “Gelokstee” by de kuiertocht en it meitsjen fan in portret (mei fotosearje) fan in echte Wommelser en syn gelok.
Wurdt ferfolge…
Mei groetnis,
Aart Laferte en Trieneke Verbeek
It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûke we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol. Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de artistyk lieder Tatiana Pratley.
Konsept Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Tekst de mienskip, Sytse Jansma (gedicht) | Regy Brecht Wassenaar, Janneke de Haan, Raymond Muller, Trieneke Verbeek, Theun Plantinga, Eline de Vries, Ekko de Bakker, Tamara Schoppert, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom | Muzyk Peter Sijbenga |