Op sneon 26 en snein 27 septimber strykt It gelok fan Fryslân del yn Wommels. It gelok fan Fryslân is in coronaproof, aventoerlike audio-kuiertocht dy’t tagelyk it earste projekt fan Tatiana Pratley is as artistyk direkteur by Tryater. Tegearre mei de doarpsbewenners fan Wommels is in unike rûte makke. Lústerjend nei it geloksgedicht mei de stim fan Nynke Heeg, rint de besiker lâns bysûndere plakken en libbensgrutte objekten dy’t útnoegje om mei oandacht nei him- of harsels en de omjouwing fan Wommels te sjen. Yn Wommels fiert Trieneke Verbeek de regy en is, lykas yn de oare doarpen fan útfiering, de technyske realisaasje yn hannen fan Aart Laferte.
Oftraap seizoen 2020/2021
Lykas in soad oare teaterselskippen hat Tryater in oanpast programma yn ferbân mei it coronafirus. As ôftraap fan it nije seizoen sochten teatermakkers Aukje Schaafsma, Karel Hermans en ús nagelnije artistyk direkteur Tatiana Pratley nei in foarm fan teater meitsjen dy’t past by dizze tiid:
“Krekt yn dizze roerige tiid hienen wy ferlet fan in hoopfol projekt. It foel ús op dat in soad minsken harren neiste omjouwing op ‘e nij wurdearren: de blommen op it balkon, in fytstocht troch de omkrigen, putsjes yn ’t hûs of kuierje mei de hûn. Ut it idee wei dat der in herwurdearring is fan gelok, namen wy de tiid om te lústerjen en minsken te freegjen: Wêr wurdsto lokkich fan? Sa ûntstie It gelok fan Fryslân, in poëtyske konfrontaasje mei gelok yn de foarm fan in aventoerlike audio-kuiertocht”.
Kuierje mei en ûnderfyn wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt
Tryater reizget dizze hjerst by tsien doarpen del. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Foar minsken út it doarp en foar elkenien fan fier dêrbûten. Yn elts doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst harkest nei in gedicht kuierst lâns lânskips-objekten dy’t spesjaal ûntworpen binne troch senograaf Eva Koopmans. Sa sjochst mei nije eagen nei de omjouwing. Lit dy meistreame op de weach fan wurden.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.tryater.frl. Dêr bin ek kaarten te bestellen.
Coronaproof
It gelok fan Fryslân is in individuele ûnderfining dy’t coronaproof ûntwikkele is. Hjirtroch is der in beheind tal plakken. Tryater hâldt him perfoarst oan de maatregelen opsteld troch it RIVM, lykas de oardel meter ôfstân.
Fjouwerjierrich projekt
It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater dêr’t wy op ludike wize mei ynwenners fan Fryslân de Fryske Paradoks yn ûndersykje. Yn gearwurking mei it Sociaal Planbureau dogge wy artistyk ûndersyk nei hoe’t it kin dat Fryslân de lokkichste provinsje fan Nederlân is.
Kredits
It gelok fan Fryslân wurdt makke troch:
Konsept: Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Tekst: Inwoners van Fryslân en Sytse Jansma (gedicht) | Stim: Nynke Heeg | Regy: Brecht Wassenaar (Marsum), Janneke de Haan (Reduzum), Raymond Muller (Koarnjum), Trieneke Verbeek (Wommels), Willy van Assen (Feanwâlden), Eline de Vries (Kollum), Ekko de Bakker (Jorwert), Tamara Schoppert (Winaam), Romke Gabe Draaijer (Wikel), Sjoerd Blom (Eastermar) | Soundscape: Peter Sijbenga | Senografy: Eva Koopmans | Mei tank oan: alle projektgroepen yn de doarpen