By de gearkomste fan Doarpsbelang Wommels yn jannewaris hat de gemeente harren plannen foar it grienûnderhâld yn Wommels taljochte. It gie om plannen dy’t fan 2021 ôf realisearre wurde sille. Guon plannen binne allinne noch mar ideeën dêr’t it doarp noch by belutsen wurde sil, mar oare plannen sille wol útfierd wurde. By dat oerlis wie in grut oantal bewenners oanwêzich fan de Van Sminialeane, om’t sy ein 2019 harren soargen mei ús dielden oer it ferkearde snoeien fan de beammen oan de leane en dêrmei it achterútgean fan it doarpsoansicht.
Jelle Koornstra, vakspecialist groen, en Sietze Hendriks, wijkbeheerder, fertelden dat it ‘Vergroenen’ fan Wommels sintraal stean soe yn de nije plannen fanwege de klimaatferoarings (opwaarming fan de ierde en it opfangen fan wetter) en it ûnder kontrôle hâlden fan de kosten fan it ûnderhâld. De gemeente wol hjirfoar bygelyks oerstallige bestrating fuorthelje, sa as lytse stoepen dy’t nearne nei ta rinne of by strjitten dy’t oan beide kanten in stoepe hawwe; ien fan de stoepen ‘fergrienje’.
Wat de beammen oan de Van Sminialeane oanbelanget, hat de gemeente oanjûn dat it snoeien (kandelaberjen) eartiids net goed gien is, mar dat der op it stuit te folle beammen te ticht op inoar steane. De bewenners fan de leane hawwe by de gearkomste mei de gemeente oanjûn dat se de beammen net kwyt wolle, mar dat it no ek net in moai gesicht is. Dêrby fregen sy harren ôf oft sy ek in stim hawwe yn de plannen fan harren strjitte. De gemeente joech oan dat sokke feroarings, sa as it ferfangen fan beammen dy’t wichtich binne foar it doarpsoansjoch, net sûnder oerlis fan de bewenners plakfine. Dêrom hawwe de bewenners fan de Van Sminialeane mei de gemeente ôfpraat dat sy oan de hân fan de presintearre ideeën foar de Van Sminialeane, in eigen foarstel meitsje en dizze yntsjinje by Jelle Koornstra sadat hy, nei in nij petear mei de buertbewenners, harren ideeën meinimme kin yn de úteinlike plannen foar de leane.
Oprop
By de presintaasje oer de grienplannen, hat de gemeente ek oanjûn dat de beammen op de Terp op din doer ferfongen wurde moatte. Hjirfan hat Jelle syn ideeën ek sjen litten (û.o. it pleatsen fan minder beammen, it opskowen fan de beammen om’t se tusken de stiennen net goed groeie kinne en miskien it weiheljen fan de stoepe der omhinne). No wiene der gjin bewenners fan de Terp oanwêzich by de gearkomst, dus koene sy harren miening net jaan oer de ideeën. No wolle wy as doarpsbelang de bewenners fan de Terp (ek oare doarpsbewenners dy’t hjir graach oer mei tinke wolle) oproppe om byinoar sitten te gean om nei te tinken oer de beammen en dêrmei it oansjoch fan de Terp. Dit kin ek yn petear mei Jelle Koornstra fan de gemeente, wêrmei’t wy it kontakt lizze kinne at der in groep gearstald is om dit op te pakken. Doarpsbelang sil noch dizze maitiid de bewenners fan de Terp útnoegje.
Foar fragen oer boppesteande kinne jo altyd kontakt opnimme mei it doarpsbelang fia doarpsbelang@wommels.nl.
Doarpsbelang Wommels