Save the date!
Op tongersdei 19 maaie 2022 hâldt Doarpsbelang Wommels harren jiergearkomst yn It Dielshûs.
De gearkomst begjint om 20:00 oere. Jo binne fan 19:30 oere ôf fan herte wolkom foar in bakje kofje of tee.
We hawwe in nijsgjirrich programma. De aginda folget letter op wommels.nl en yn Diggelfjoer.
Ierappelkist
Ek dit jier is de ierappelkist wer ûnderdiel fan de jiergearkomst.
Hawwe jo it doarp wat te sizzen? Jou jo dan no op om op de ierappelkist stean te gean!
Jo krije twa minuten sprektiid om jo sechje te dwaan.
Dat kin fan alles wêze: reklame foar in goed inisjatyf, it úterje fan soargen of bygelyks it optrommelje fan doarpsgenoaten om mei jo wat te ûndernimmen.
Opjaan dogge jo mei in mailtsje nei doarpsbelang@wommels.nl mei jo namme en it ûnderwerp fan jo twa-minuten-pitch.