Tongersdei 11 april is yn It Dielshûs de jiergearkomste fan Doarpsbelang Wommels. Hjirnêst op de foto en hjir as pdf de aginda fan de jûn dy’t om 20.00 oere útein sette sil. Mei nijsgjirrige ûnderwerpen as de takomst fan it gemeentehûs en it Bogermangebouw en troch de WEK in opset ta de enerzjytransysje fan Wommels en de lokale mooglikheden dêr ta en foardielen dêrfan mei û.a. as sprekker Tsjeard Hofstra.