Fan tiisdei op woansdei wie de beurt oan Jochem Myjer om in nachtsje yn it Glêzen Hûs fan de Fûgelwacht op ‘e Slachte te sitten. Hy loste Theunis Piersma ôf, dy’t sels Pieteke de Boer ôflast hie. Foardat Jochem it Glêzen Hûs yn gong, gong hy earst noch beide skoallen yn Wommels del om foar te lêzen út syn boek De Goargels en fragen te beantwurdsjen. Henk Bootsma wie der by mei syn kamera.
De nacht dat Pieteke yn it Glêzen Hûs siet begong it wat hurd te waaien, sy krige tidelik in oar ûnderkommen. Dêr krige sy trije generaasjes Bruinsma (Jan, Wybren en Jan-Friso) op besite.
Jochem Myjer:
De Bruinsma’s by Pieteke: