Jolanda de Jong-Heslinga, eigeneresse fan It Dielshûs, komt yn de snackbar Cafetaria It Noard. It pand fan de snackbar, mei boppewente, is kocht troch Jelle de Jong. Der moat hjir en dêr noch wat regele wurde kwa fergunning en ferbouwing, mar Jolanda hat der noch yn. En in soad Wommelsers ek; op har facebook streame de lokwinsken binnen. Noch efkes wachtsje foar dat it los kin, oan’t dy tiid kin we op sneon noch nei Bonne op de Terp.