Foar de keatsleafhawwers: Woansdei 24 july is de 15e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. It giet om 10.00 oere hinne en moandei 22 july 2019 is de lotting fan de wedstriid om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op De Skoalleseize. Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en sûnt doe wurdt der elk jier striden om de “Sulveren Leest”.
K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferieningen mei dit fraachstik. Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.
Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan sa’n € 3.800,-.