Fannemoarn is troch foarsitter Teade de Boer en boargemaster Jannewietske de Vries is jubileumprojekt ‘Oer de râne fan de tiid’ fan de Fûgelwacht Wommels iepene, earst by Murk Nijdam yn de pleats en dêrnei by it glêzen hûs oer de Slachtedyk net fier dêr fan ôf. Teade de Boer sketste de histoarje en de bedoeling fan it projekt: sjen hoe’t it eartiids wie, hoe’t it no is en hoe’t it komme sil. En dan fral oangeande de greidfûgels.
In hiele wike sille de (bekende) minsken 24 oeren yn it glêzen hûs sitte, hjoed te begjinnen mei O.C. Hooymeijer dy’t troch boargemeaster De Vries yn it hûs opslúten waard. Dêr foar hie se grutte wurdering útsprutsen oer it wurk fan de Fûgelwacht Wommels. It bestjoer dêrfan krige de penning fan fertsjinste fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
Nei Hooymeijer nimme efterinoar Pieteke de Boer, Theunis Piersma, Jochem Myjer, Elmar Kuiper, Wiebe Kaspers en Marten Winters sit yn it glêzen hûs. Bysûndere gasten komme op besite om perspektiven te ûntwikkeljen foar de takomst fan de greidefûgels. Utein te setten op de Terp is der ek in audiotoer fan 5 km te dwaan.