Op de gesellige Bobjûn foar freonen, stipers en frijwilligers fan it Greidhoek’ Festival (nije webside fan 5Online) waard wylens de parsekonferinsje oer de kommende edysje troch Bobengel Ate bekend makke dat de organisaasje der mei stopje sil. Yn septimber sil it dan ek de lêste kear wêze dat Bob Ross syn keunsten fertoant op it swimbadterrein: Bob is dea lûdt it tema fan 2019. Mar dêr efteroan: Leve Bob! dat dat jouwt noch útsjoch op in ferfolch. Bestjoer en keunstkommisje fan it festival hiene it gefoel dat at se troch gean soene op deselde wize, se yn werhelling falle soene en dat wolle se net. Eltsenien op de Bobjûn wie ferbjustere troch it nijs dat it ophâlde sil en fûn dat tige spitich.
Remco Tjoelker en Mitchell Samidjono, bewenners fan Tywerthiem, makken in vlog fan de Bobjûn en sille dat yn septimber ek fan it festival dwaan. The Beatles Sessions soargen yn it Sminiahof foar de muzykale oanklaaiing.